Gepubliceerd: 28 maart 2015
WJELSRYP - Toanielgroep "Lyts mar krigel" út Baaium spilet Ton Davids' SUSTERS YN SAKEN op 11 april yn doarpshús Yn 'e Mande yn Wjelsryp.
Koarte omskriuwing:
It kleaster fan Oerste en de susters Agaat, Klara en Fransisca sit yn jildpine.
It sjocht der sels nei út dat meikoarten it kleaster falliet gean sil. Aartsbiskop Siemelink, dy't elts jier in wike yn it kleaster útrêsten komt, is dan ek fan plan om it kleaster te ferkeapjen. Der binne sels plannen om fan it kleaster in kasino te meitsjen en de susters earne oars te pleatsen.
De bychtfaar en freon fan de susters, pastor Breukelmans, kin tsjin dizze snoade plannen neat ynbringe en grypt mar wer nei de miswyn.
Dan komt ynienen Guus Jongeneel, oftewol menhear Bil fan Building Investments Limited. In bliere en kordate man dy't grutse plannen mei it kleaster hat. Syn plannen falle al gau yn de smaak by suster Fransisca dy't inkele kursussen marketing en PR folge hat. As dan ek noch Rianne it kleaster ynflechtet omdat se efterfolge wurdt troch in groep drugsdealers, giet alles hiel rêd: de plannen fan menhear Bil wurde útwurke en binnen de koartste tiid is it kleaster in rendabel fekânsjepark.
Kleaster Park draait binnen it jier tige goed, mar dan wurdt der skille. Aartsbiskop Siemelink wol ris delkomme. As noch driigje de saken hielendal mis te rinnen. Mar dan komt der stipe fan Rianne, se hat in stikje mienskiplike ferline mei Siemelink.
Dit liket mear dan foldwaande om de takomst fan sawol Kleaster Park, de susters, Rianne, Bil en pastor Breukelmans wissichheid te bringen.
Spilers: | ||
Mem Oerste | Anneke de Jong | |
Agaat | Nienke van Meerveld | |
Klara | Wymke Batterink | |
Siemelink | Wim Noordmans | |
Breukelmans | Virgil Kruze | |
Fransisca | Geke Bok | |
Jongeneel | Stefan Dijkstra | |
Rianne | Anneke Bakker | |
Regy | Koos Veldman | |
Ynstekster | Martha de Groot |
Programma:
Oanfang 20.00 oere
Eerste en twadde bedriuw
Skoft
Tredde bedriuw
Tagong € 8,50
o/m 16 jier € 3,50
Mei in kop kofje of tee.