Gepubliceerd: 15 maart 2014
WJELSRYP - Op freed 28 maart 2014 om 20.00 oere hâld Kristlik Mingd Koar De Lofstem û.l.f. Doede Terluin har jierlikse útfiering yn it doarpshûs “Yn ‘e Mande” te Wjelsryp.
Foar it skoft bringe wy in ôfwikseljend programma mei geastlike en wrâldske lieten. Wy wurde dêrby begelaat troch Albert Jan de Boer op de piano.
Mei Monique Wijma (gitaar) en Janny Ali Veenstra (saksofoan) sjonge wy “Gebed om zegen”.
Dêrneist is der twa kear in gastoptreden fan de sûpraan Inkje Bakker. Mei it koar sjongt sy “Panis Angelicus”
Nei it skoft spylje eigen krêften de klucht “Rent-a-boerencamping-tent”, skreaun troch Maaike Salverda.
Spilers binne: Geertje Bruinsma, Grietje Folkertsma, Geeske Lemstra, Johanna Post, Hendrik Abma, Siebe Haven, Rienk Koopmans en Hendrik Miedema.
De rezjy is yn hannen fan Tea Sieta Greidanus
Oant sjen op freed 28 maart!
Tagong is fergees!
